Twifels oer tabaksmaatregels

01 okt 2013 - 16:58

Fryske tabakssaken twifelje oft in ferheging fan de leeftiid wêrop't jongeren tabak keapje meie wol nut hat en te kontrolearjen falt. Regearingspartijen VVD en PvdA wolle de tabaksferkeap oan jongerein ûnder de 18 jier ferbiede. No leit de minimunleeftiid noch op 16 jier. Dêrneist soene ferkeapers dy't harren net oan de regels hâlde foar straf tydlik de saak slute moatte. Peter van der Kamp hat in tabaksaak oan de Skrâns yn Ljouwert en hy fynt in ferheging fan de ferkeapleeftiid net iens sa ferkeard.

Trefwurden: 
tabak tabaksferkeap
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)