Wieling yn bestjoer SC H'fean

Wiebe Wieling is ek foarsitter fan de Alvestêdetochtferiening © Foto Binne-Louw Katsma
Wiebe Wieling wurdt de nije foarsitter fan it stichtingsbestjoer fan fuotbalklup Hearrenfean. Dêrmei is it bestjoer no kompleet. It bestiet út tsien persoanen. It bestjoer is der kommen op advys fan de kommisje Vaessen-Koopmans dy't de organisaasjestruktuer fan de klup trochljochte hat.
Wiebe Wieling is bekend as foarsitter fan de Vereniging De Friesche Elf Steden. Hy is ek foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan skoalorganisaasje Piter Jelles yn Ljouwert. Hy is supporter fan SC Hearrenfean en in trou besiker fan de thúswedstriden.