Drachtster rydt yn op fytser

Plysje oanhâlding © ANP XTRA
In automobilist (33) út Drachten en in fytser (18) út Burgum binne tiisdeitemoarn oanhâlden nei in ferkearsrûzje op de Ringwei yn Drachten. De manlju rekken mei-inoar yn botsing, om't de fytser gjin foarrang joech. Nei de botsing naaide er út, wêrnei't de Drachtster de efterfolging ynsette.
Op de Klokhûsleane ried er oant twa kear ta op de fytser yn. Dy kaam klem te sitten tusken in parkearde auto en de auto fan de oanfaller. Beide manlju krigen spul, wêrnei't in omwenner de plysje warskôge. Dy hat de manlju oanhâlden foar ferhear.
Op it buro waard ek it rydbewiis fan de Drachtster automobilist ynnaam.