Twa dokterspraktiken op Skier

01 okt 2013 - 14:56
  • Húsdokter

Skiermûntseach kriget definityf twa húsdokterpraktiken. Ferline wike besocht dokter Zaal op it lêste momint mei bemiddeling fan boargemaster Sjon Stellinga om tafel te gean om te sjen oft er derút komme koe mei dokter Kouwenhoven.

Frou dokter Kouwenhoven hat moandei oan Stellinga witte litte dêr net oan meidwaan te wollen. Se joech oan dat der al hantekens set binne foar har eigen praktyk. De beide dokters binne troch in konflikt oer in maatskip útelkoar gien. Se sette no los fan elkoar in praktyk op en ha elts in eigen waarnimmer fûn.

Twa dokterspraktiken is te folle op in eilân lykas Skier mei krekt wat mear as njoggenhûndert ynwenners, seit de boargemaster. De praktyk mei de beide dokters Zaal en Kouwenhoven hat in lytse twa jier wurke. Foar de ynwenners fan Skiermûntseach betsjut dat de komst fan in twadde praktyk dat se no kieze moatte by hokker húsarts se har ynskriuwe wolle: by Zaal of by Kouwenhoven. Oer dy kwestje en foar guon ek drege kar wurdt in soad praat op it eilân. Boargemaster Stellinga fynt it spitich dat soarchfersekerder De Friesland net wat mear 'de rezjy' fierd hat yn dizze saak om sa te foarkommen dat Skiermûntseach twa húsartsepraktiken krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)