Rinne foar earme bern

01 okt 2013 - 13:46
  • Expeditie Geluk
  • Expeditie Geluk

Twa manlju fan Expeditie Geluk rinne fan 'e wike troch Fryslân om omtinken te freegjen foar earme bern. Yn Nederlân libje hast 400.000 bern yn earmoed. Expeditie Geluk is yn it libben roppen troch ferskate stiftings en fûnsen en wurdt dit jier foar it earst útfierd. De rinners gean fan gemeente nei gemeente. Se bringe geloksboadskippen fan de boargemasters oer nei de folgjende gemeente.

De geloksrinners hawwe tiisdeitemoarn by boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân west yn Makkum. Se rinne deselde deis nei Frjentsjer.

Dêrnei gean se nei It Bilt en Dongeradiel en dan nei Grinslân. Mei-inoar rinne de geloksrinners 1600 kilometer yn 62 dagen troch hiel Nederlân.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)