Kontrakten Witteveen tekene

01 okt 2013 - 12:31

Wurknimmers fan taksybedriuw Wolters dy't sûnt tiisdei oernaam binne troch taksybedriuw Witteveen, hawwe foar in grut part de kontrakten tekene. Der wie argewaasje om't de kontrakten neffens fakbûn FNV net doge. Sa soene de fakânsjedagen net neffens de CAO wêze. It bûn hat de leden úteinlik dochs tekenje litten, benammen om ûnrêst foar te kommen.

Kommende moanne wurde de kontrakten goed besjoen en wurdt ûnderhannele oer saken dy't neffens it fakbûn net doge.

Trefwurden: 
Wolters Witteveen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)