Kabaretier Harmonie stoarn
In foarstelling fan skouboarch De Harmonie giet net troch fanwege in stjergefal. Kabaretier Dara Faizi soe op woansdei 30 oktober nei Ljouwert komme. Mar in dûbele longûntstekking waard de 25-jierrige kabaretier needlottich. Minsken dy't al kaarten foar de foarstelling hawwe, krije berjocht fan De Harmonie. Faizi soe ek noch op 23 novimber ek yn Ons Gebouw yn Boalsert stean.