'Alkoholtafersjoch drege saak'

Gemeenten fine it dreech om goed tafersjoch te hâlden op de nije drank- en hoarekawet. Dat docht bliken út in enkête fan it Bureau Horeca Bijzondere Wetten (BHBW). De nije wet giet op 1 jannewaris yn.
Ien fan de dreechste regels om te kontrolearjen is de ferheging fan de minimum alkoholkeapleeftiid fan sechtsjin nei achttjin jier. Sawat 72% fan de gemeenten sjocht de kontrôle dêrfan as in drege saak. Se binne der min op taret. Yn augustus hie hast fjouwer op de tsien gemeenten noch gjin tafersjochhâlders oansteld.
Mear as trijekwart fan de gemeenten hat noch gjin kontrôlebelied. Fierders libbet de soarch dat jongeren de yllegaliteit yngean om oan drank te kommen.