Fytsen skoalbern wurde keurd

01 okt 2013 - 11:22

De fytsen fan learlingen fan it foarset ûnderwiis wurde kommende tiid keurd. De provinsjale ôftraap fan de 'Friese Fiets APK' wie tiisdei op RSG Simon Vestdijk yn Harns, omdat in famke fan dy skoalle ferline jier omkaam is yn it ferkear. Har mem wol graach dat der mear omtinken komt foar ferkearsfeilichheid.

De fytskeuring is in kampanje fan Veilig Verkeer Nederland. De fytsen wurde neisjoen oft alles it docht. Ek wurdt der in remwei-demonstraasje hâlden om de fytsers te wizen op feilich gedrach yn it ferkear.

By de ôftraap waarden ek de fytsen fan de boargemasters fan Frjentsjerteradiel en Harns keurd. Mei de fyts fan boargemaster Veenstra fan Frjentsjerteradiel wie neat mis. By de tsjinstfyts fan Harns siet it stjoer los. De gemeente hat tasein dat sa gau as mooglik te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)