Schmidt en Kruiswijk yn basis

Troch skorsings fan de beide ferdigeners Daryl Janmaat en Ramon Zomer krije Doke Schmidt en Arnold Kruiswijk in basisplak yn de thúswedstriid tsjin FC Utrecht. Schmidt nimt it plak yn fan fleugelferdigener Janmaat, Kruiswijk foarmet tegearre mei Jeffrey Gouweleeuw it sintrale ferdigeningsduo.
Ramon Zomer krige ferline wike tsjin De Graafschap syn fiifde giele kaart. Janmaat krige tsjin de Superboeren in reade kaart.
Youssef El Akchaoui sit krekt as ferline wike op de tribune en sit op in dea spoar by SC Hearrenfean. Sels al binne der twa ferdigeners skorst, dan noch sit El Akchaoui net by de wedstriidseleksje. Der is ynteresse fanút Ruslân, Hongarije en Ingelân (Championship) foar de linkerferdigener. "Maar daar heb ik geen oren naar, ik blijf het liefst in Nederland. Maar op dit moment weet ik niet waar mijn toekomst ligt." It kontrakt fan El Akchaoui rint noch oant 2013.