Flechter springt yn kanaal

01 okt 2013 - 10:41
  • It Van Harinxmakanaal

Yn Ljouwert is moandeitenacht in man op de flecht foar de plysje yn it Van Harinxmakanaal sprongen. Hy waard socht foar stellerij mei geweld. De man wie in dei earder tegearre mei in frou (24) by in Ljouwerter (31) oan de doar kaam. De frou soe noch jild fan dy man tegoede hawwe. De man en de frou bedrigen him en namen guod mei.

In dei letter kaam it twatal wer by it slachtoffer oan de doar. Dy belle de plysje en dy hâlde de frou oan. De man naaide út, sprong yn it kanaal en ferskûle him yn 'e reiden, mar de plysjehûn hie him gau fûn.

De ûnderkuolle man is nei it sikehûs ta brocht en letter nei it plysjeburo. Dêr die bliken dat er in finzene is dy't net weromkommen wie fan ferlof.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)