'Guon ferpleechhuzen te djoer'

30 sep 2013 - 20:53

Ien op de fjouwer ferpleech- en fersoargingstehuzen yn Nederlân hâldt him net oan de regels en lit de bewenners tefolle betelje. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Consumentenbond.

It giet om saken dy't wetlik út de AWBZ betelle wurde moatte, lykas in senioarebêd, bêdguod, handoeken, gerdinen en mear fan soksoart guod. Ferline jier hat de pasjinte-organisaasje Zorgbelang Fryslân in aksje holden tsjin dy praktiken. Guon Fryske ynstellings bin doe op de fingers tikke troch de Nederlandse Zorg Autoriteit.

De resultaten fan it ûndersyk wurde kommende moanne yn it blêd fan de Consumentenbond bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)