Wurkleazen snuffelje by DE

30 sep 2013 - 17:15

It is wer ris wat oars as in sollisitaasjepetear of in besite oan it arbeidsburo: kofjebrâne by Douwe Egberts. Sa'n tweintich wurkleaze jongeren binne fannemiddei op 'e Jouwer om mei it bedriuw yn 'e kunde te kommen. Der binne no gjin fakatueres by DE, mar de ûnderfining kin altyd helpe, sa is it idee. Al hielendal om't wurkleas wêze at je jong binne bepaald net leuk is.

De groep giet mei in bus troch Nederlân, by bedriuwen del. De hope is dat dit in oplossing foar harren wêze kin.

Trefwurden: 
wurkleas DE Douwe Egberts
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)