Cupsong rekôrpoging by Bornego

30 sep 2013 - 16:47
  • Bern fan Bornego Kolleezje dwaande mei de Cup Song

Mear as 250 skoalbern op It Hearrenfean hawwe moandeitemiddei besocht om it Guinness Book of Records te heljen mei in plastik beker. Se diene de Cup Song. Dat is in ferske wêrby't je meiklappe mei je hannen én mei in plestik beker. Dêrby ûntstiet in bepaald ritme. De rekôrpoging is dien troch de learlingen fan it Bornego Junior College.

It is noch mar de fraach oft de learlingen fan Bornego se it Guinness Book of Records ek helje, want der binne al rekôrpogingen dien mei mear as 600 dielnimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)