Reijenga skipper Hearrenfean

30 sep 2013 - 16:09

Alco Reijenga fan De Lemmer is de nije skûtsjeskipper fan It Hearrenfean. Reijenga folget Pieter Brouwer op, dy't mei it skûtsje de Gerben van Manen trije kear kampioen waard. Brouwer hat tsien jier skûtsjeskipper west.

Alco Reijenga wie it lêste jier adviseur op it skûtsje fan de Jouwer, dêr't syn broer Dirk Jan Reijenga skipper is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)