Skea troch putdeksel Appelskea
In iepen putdeksel hat foar skea soarge op de Boskberch yn Appelskea. In 21-jierrige automobilist ried mei syn bestelbus oer de iepen put hinne en rekke dêrby it lid. Hjirtroch rekke de boaiem fan de bus skansearre.
De plysje sprekt fan in gefaarlike situaasje en hopet dat tsjûgen harren melde.