Fjouwer oanhâldings by derby

30 sep 2013 - 15:19

Under en nei de fuotbalwedstriid Hearrenfean-Cambuur hat de plysje snein fjouwer manlju oanhâlden fanwege mishanneling. Twa Ljouwerters fan 38 en 40 jier waarden oanhâlden omdat sy in befeiliger (62) dwers sieten by syn wurk. De 38-jierrige soe de man in mei de fûst tsjin de holle slein ha. De befeiliger hat hjirfan oanjefte dien. De Twa Ljouwerters binne oanhâlden en ynsletten, mar sizze dat se fan neat wite.

In Drachtster (40) wurdt fertocht fan it slaan fan in man fan De Wylgen (24). Dizze fertochte waard oanhâlden en wer frijlitten.

Sneintejûn krigen twa ynwenners fan It Hearrenfean fan 44 en 46 jier spul bûten it Abe Lenstrastadion. De 44-jierrige man sloech hjirby syn plakgenoat in pear kear yn it gesicht. De 46-jierrige hat hjirfan oanjefte dien, de fertochte waard oanhâlden en ynsletten. De oanlieding foar it skeel leit nei alle gedachten yn de relasjonele sfear. De plysje sil alle saken útsykje.

Ofsjoen fan dizze ynsidinten wiene plysje en boargemaster goed te sprekken oer de gong fan saken by Hearrenfean-Cambuur. Boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean freget him sels ôf oft de derby net ferspile wurde kin mei in lytsere plysje-ynset. Boargemaster Crone fan Ljouwert begrypt de tinkwize fan syn kollega fan Hearrenfean, mar wol net sizze oft de return Cambuur-Hearrenfean yn jannewaris 2014 fuortendaliks al mei minder plysjebegelieding ferspile wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)