Anema nimt reisburo SRC oer
Wibo Anema, de eigener fan it Kameleondoarp yn Terherne, nimt kultuerreisburo SRC út Grins oer út it fallisemint fan reis- en busbedriuw OAD. Dêrmei binne de banen fan sa'n fyftich wurknimmers foar it grutste part feilich steld.
Fries-om-utens Anema rjochte SRC yn 1983 op om it yn 2002 te ferkeapjen oan OAD.