Grutske Cambuurfans op trening

30 sep 2013 - 12:23

Grutsk binne se. De fans fan Cambuur. Harren klup hat der snein alles oan dien om de derby tsjin SC Hearrenfean te winnen en neffens de fans wie dat noch hast slagge ek. Cambuur wie yn elts gefal folle better, sizze de fans. Cambuur ferlear snein mei 2-1.

Inkelde tsientallen wiene moandeitemoarn nei de training kaam om harren helden te helpen by it ferwurkjen fan it ferlies. En om de spilers alfêst te fertellen dat se by de twadde derby seker winne sille.

Trefwurden: 
SC Cambuur training fans derby
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)