De Frosk wurdt sûnenssintrum

27 jan 2012 - 12:39

Swimbad De Frosk yn De Westereen is ferkocht oan de ConeGroep en wurdt in sûnens- en bewegingssintrum. Hjiryn is romte foar in fitnesssintrum, in sauna, stoomkabines en fysioterapy.

It 25 meter bad bliuwt bestean. De ferbou kostet dik oardel miljoen euro en moat yn septimber 2013 klear wêze. De takomst fan it skoalswimmen is noch net wis, mar oant de simmer ta garandearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)