Tal kij yn greide stabyl

30 sep 2013 - 10:25
  • Kij yn 'e greide

It oantal melkkij dat bûtendoar rint, is de lêste twa jier gelyk bleaun. Ferline jier stie 70 persint fan de melkkij yn de greide, likefolle as yn 2011. Yn 2001 wie it noch 90 persint. Yn de jierren dêrnei gie it persintaazje oant 2011 alle jierren nei ûnderen.

Ien en oar docht bliken út sifers fan it CBS. Benammen by grutte melkfeebedriuwen steane de kij op stâl. By buorkerijen mei 160 melkkij of mear, komt yn trochsneed 44 persint fan de kij bûtendoar.

By lytse boeren mei 40 kij of minder rint yn trochsneed 92 % fan de kij bûtendoar.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)