"Regio sels problemen oplosse"

27 jan 2012 - 12:30

De Fryske SP-ôfdielings moatte har eigen problemen oplosse. Dat seit lânlik sekretaris Hans van Heijningen. Hy reagearret op it nijs fan it opstappen fan it partijbestjoer fan de ôfdieling Ljouwert.

Dat bestjoer stapt op om't se net goed gearwurkje kinne mei de regiofertsjintwurdiger fan de SP Jos van der Horst. Dy is neist regioman ek fraksjefoarsitter yn de steaten, betelle opliedingsmeiwurker en û.o. ek foarsitter fan de ôfdieling Smellingerlân. Dat binne tefolle petten op de holle fan deselde persoan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)