Spitsen ûnder yndruk fan derby

De doelpuntmakkers by SC Hearrenfean koenen harren gelok net op nei de 2-1 winst op Cambuur. Luciano Slagveer wie ûnder de yndruk fan de sfear dy't yn it Abe Lenstrastadion hong. Nei syn treffer tsjin FC Twente mocht er opnij skoare yn in wichtige wedstriid.
Topskoarder Alfred Finnbogason spile de haadrol mei syn winnende treffer. Nei it útglydzjen fan Cambuurferdigener Ramon Leeuwin profitearre de topskoarder fan Nederlân optimaal mei in tûk lobke oer keeper Nienhuis. De Yslanner joech in komplimint oan it kompakte spul fan Cambuur.