Russen goed yn Dogdance

29 sep 2013 - 17:01

Yn Burgum is snein de lêste dei fan it iepen Europeesk kampioenskip Dogdance. De organisaasje sprekt fan in slagge toernoai, mei op de slotdei hast fiifhûndert besikers. By dogdance moatte baaskes tegearre mei harren hûn in dûnske opfiere foar in sjuery. It wiene benammen de Russyske dielnimmers dy't hege eagen smieten, mar der wiene ek dielnimmers út ûnder oare Azerbeidzjan, Grut-Brittannië en België.

De wedstriid giet noch troch oan sneintejûn acht oere. It is te folgjen op www.omroplive.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)