Snitsers winne fan De Jouwer

29 sep 2013 - 16:00

De Fryske derby tusken Snits Wyt Swart en De Jouwer is snein in proai wurden foar de ploech fan Johan Groote. Op eigen fjild waard mei 3-2 wûn. Yn Snits sette Jurre Hoogeveen de Jousters op foarsprong. Fuort dêrnei brocht Tjeerd Andringa de stân wer yn it lykwicht. Sido Oosterhof soarge foar rêst lykwols opnij foar de foarsprong foar De Jouwer.

Nei rêst wie in frommelgoal fan Freerk de Jong goed foar de Snitser lykmakker. In twadde treffer fan Andringa krekt foar de ein smiet de wedstriid yn it slot. It is de twadde oerwinning foar Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)