Rodenhuis en Boys útelkoar

27 jan 2012 - 11:59

Trainer Wieb Rodenhuis en topklasser Harkemase Boys geane per direkt útelkoar. Dat binne beide partijen freed oerien kaam. Rodenhuis siet al sûnt begjin novimber fan it ferline jier siik thús nei in skeel oer assistint trainer Marc van Meel.

Dizze wike ferklearre de ARBO arts Rodenhuis wer better. Mar neffens kluP en trainer wie der gjin basis mear foar fierdere gearwurking. Dêrom is freed nei 'in goed petear' besletten om it kontrakt, dat ein dit seizoen ôfrûn, te ûntbinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)