Smid grutsk op ûntwikkelings

Foarsitter Ype Smid fan de Ried fan Kommissarissen fan SC Cambuur is grutsk op hoe't de klup him de ôfrûne jierren ûntwikkele hat. Net allinnich op sportyf gebiet, mar ek de groei fan de klup is posityf. Op dit stuit wurdt der efter de skermen wurdt hurd wurke oan de ûntwikkeling fan it stadion.
Dêrby siket de klup gearwurking mei de gemeente Ljouwert. Neffens Smid is it wichtich dat der no konkreet stappen set wurde.