Riemer 'sympaty foar Cambuur'

Earefoarsitter Riemer van der Velde fan Sportklup Hearrenfean hat sympaty foar it spul fan SC Cambuur. Dat sei er snein yn oanrin nei de wedstriid. Van der Velde seit dat er 'prettig verrast' is troch it spul fan Cambuur yn de earste wedstriden fan de kompetysje. Cambuur hat wol in hiel jong team. Dat kin himsels noch wolris tsjinkomme, sei Van der Velde, mar dat jildt ek foar oare teams, sa heakke er dêroan ta.
Van der Velde fynt dat syn klup by it Fryske duel yn it neidiel is, omdat der tongersdei noch striden wurde moast tsjin FC Twente.
Oer it ûntslach fan Gertjan Verbeek by AZ sei Van der Velde net folslein fernuvere te wêzen. Hy hie al earder sinjalen krigen dat der wolris wat wriuwing wie. It ûntslach op dit momint hie er lykwols net ferwachte. Fuotbaltrainer Gertjan Verbeek wie earder jeugdtrainer, assitint-trainer en haadtrainer by SC Hearrenfean.