FVC pakt twadde oerwinning

Sneinshaadklasser FVC hat sneontejûn mei 3-2 fan Longa '30 wûn. Op eigen fjild kamen de Ljouwerters al nei seis minuten op 1-0 troch in doelpunt fan Wesley Tankink. Binnen it heal oere soargen de gasten út Lichtenvoorde foar de lykmakker.
Nei rêst wie it Ruurd Algra dy't de Ljouwerters yn de 55e minút opnij op foarsprong sette. Mei noch in heal oere te gean moast Longa '30 fierder mei tsien man nei in reade kaart. Mei syn twadde treffer smiet Tankink de wedstriid yn it slot. Yn blessueretiid tekene Longa foar de earetreffer.