Fryske keunst op wynmûne

27 jan 2012 - 11:13
  • De keunst van Van Houten
  • Rienk van Houten

Rienk van Houten út Drachten is de iennige Fryske keunstner dy't meidocht oan it NUON projekt yn de Bjirmen. Hy is ien fan de 24 keunstners fan wa't kommende simmer skilderijen yn it wynmûnepark tusken Seisbierrum en Frjentsjer komme te hingjen. 64 Keunstners út binnen- en bûtenlân hiene wurk ynstjoerd.

It wurk fan Van Houten is te omskriuwen as kleurryk, fleurich, abstrakt en tagelyk figuratyf. Syn wurk en dat fan inkele oare keunstners wurdt op 5 maart om de mêst fan in mûne hinne ophongen en is dan twa moanne te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)