Kafeerûzje yn Paezens
In 18-jierrige man út Peazens is sneontenacht oanhâlden troch de plysje. Hy soe by in rûzje yn it kafee yn it eigen doarp in man fan 25 jier út in oar doarp mei in bierglês yn it gesicht slein hawwe. De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo. Hy kriget in proses-ferbaal foar mishanneling.