Rûzje op Douwe Egbertsplein

29 sep 2013 - 11:41

Op de Jouwer is sneontenacht in man fan 23 jier út dat plak oanhâlden op fertinking fan mishanneling. Plysjeminsken wiene op it Douwe Egbertsplein om in oanjefte op te nimmen fan in fernieling op strjitte, doe't se troch omstanners roppen waarden. Bliken die dat der ûnienigens wie tusken de 23-jierrige man en in oantal omstanners.

De plysje hat ferskate omstanners heard. Dêrnei is de man út de Jouwer oanhâlden. Hy soe in 18 jierrige jonge út Aldehaske slein hawwe. De man út de Jouwer sit fêst op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)