Verbeek ûntslein by AZ

29 sep 2013 - 11:30

Fuotbaltrainer Gertjan Verbeek út Jobbegea wurdt ûntslein by AZ. Dat hat de kluplieding snein bekend makke. Op in parsekonferinsje yn it AFAS Stadion joech de klup tekst en útlis oer it hommels opstappen fan de trainer. De spilersgroep kin him net langer fine yn de oanpak fan Verbeek. Ut in gesprek mei de spilersried kaam dit ûngenoegen tongersdei nei foaren. De gemy soe der net mear wêze. Dat kaam as in folsleine ferrassing foar Verbeek. Neffens de direksje wie der gjin oare oplossing as it ûntslach fan de trainer.

It alvetal fan Verbeek boekte sneon noch in knappe 2-1 oerwinning op PSV. Verbeek wie earder jeugdtrainer, assistint-trainer en haadtrainer by Sportklup Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)