1500 man by Wetter Wille

29 sep 2013 - 09:51

Op de aktiviteiten mei de weriepening fan de Lytse Wielen yn Ljouwert binne sneon sa'n 1500 minsken ôfkaam. Yn de Lytse Wielen binne de lêste jierren ferskate maatregels naam om de wetterkwaliteit te ferbetterjen. Sa binne wetterpartijen mei-elkoar ferbûn om de trochstreaming te ferbetterjen. Dêrtroch is der minder kâns op blau-alch.

De offisjele iepening waard ferrjochte troch wethalder Isabelle Diks fan Ljouwert en deistich bestjoerslid Aaltsje Rispens fan Wetterskip Fryslân.

Besikers koene sneon ûnderoaren gebruk meitsje fan de nije kuierrûtes, in mini survival dwaan en in film besjen dy't in sânkeunstner makke hat fan de Lytse Wielen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)