GGZ Fryslân rint tsjin stigma

29 sep 2013 - 09:44

Acht rinners en fjouwer fytsers fan in team fan de GGZ Fryslân dogge dit wykein mei oan de saneamde Socialrun. Dat is in non-stop estafetterin oer 555 kilometer fan Utrecht nei de ôfslutdyk en wer werom. De organisaasje wol mei de run protestearje tsjin stigmatisearring fan minsken mei in psychyske sykte. De dielnimmers binne pasjinten en meiwurkers fan de geastlike sûnenssoarch. Se binne sneontemiddei oankaam yn Fryslân en doe trochgongen nei Grou en Snits. De rinners dogge moatte 75 kilometer rinne yn twa dagen.

Se wurde begelaad troch fytsers. Ek gean der fysioterapeuten, koks en sjauffeurs mei. Ferskate bedriuwen hawwe de GGZ Fryslan finansjeel stipe by de Socialrun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)