Cambuur: bierke mei dochs

29 sep 2013 - 08:53

Cambuursupporters dy't snein by de wedstriid tsjin SC Hearrenfean binne, meie yn de bus werom dochs in bierke drinke. Dizze fersoepeling hat de lieding fan Cambuur berikt yn it lêste feiligheidsoerlis. Alkohol op de hinnereis bliuwt wol ferbean. De 1222 supporters meie allinnich mei in buskombi nei it Hearrenfean. Dêrfoar binne 26 bussen regele. Dy gean tusken 12 en 13 oere by it WTC Expo wei. Supporters kinne dêr har auto of fyts parkearje. It is foar it earst yn 13 jier dat Hearrenfean en Cambuur elkoar treffe yn de earedivisy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)