Vellema wint NNK-autocross

28 sep 2013 - 18:21

Ybe Vellema fan Holwerd hat sneon yn Sint Anne mei oermacht de einoerwinning yn de vrije standerdklasse fan it Noard-Nederlânsk kampioenskip autocross op syn namme skreaun. Yn de 2000 sprintklasse wie de titel foar Arjan Kinds út it Drintske Yde. De overall-winst by de Stockcar gong nei de Grinzer Koen Maris. By de 1600-klasse wie Alex Spanjer fan Bitgummole úteinlik de bêste fan Noard-Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)