Drege winst Harkemase Boys

Harkemase Boys hat sneon yn Aalten mei 2-1 wûn fan AZSV. Johnsen Bacuna sette de Harkiten op foarsprong, mar seach de thúsploech noch gjin twa minuten letter op likense hichte kommen. Foar rêst brocht Klaas Schotanus de Boys mei in knap skot opnij oan de lieding.
Yn de twadde helte hold keeper Jacob de Vries mei in knappe rêding de foarsprong foar de Boys. Yn blessueretiid hie Heine Uuldriks de tredde treffer op 'e skoech, mar hy kaam net ta skoaren. It is de tredde oerwinning foar de ploech fan Willem Brouwer.
De ploech fan Willem Brouwer stiet mei 9 punten op it tredde plak yn de sneonshaadklasse C. Nije wike nimt Harkemase Boys it thús op tsjin Flevo Boys.