Frysk keatssúkses yn België

28 sep 2013 - 17:03

De Fryske keatsers hawwe it sneon goed dien op de earste dei fan it ynternasjonaal toernoai Llargueskeatsen yn België. Winsum wûn de earste heale finale mei 6-1 fan it Spaanske San Juan. Yn in lykopgeande striid fersloech Easterein yn de oare earste heale finale it Spaanske Parcent mei 6-4.

Yn België wurdt yn pûls fan trije teams keatst. Dy't de measte earsten helje, winne. Letter op de dei komme beide teams nochris yn aksje, Winsum tsjin Kerksen en Easterein tsjin Baasroden, beiden út België. Snein is de finale yn Acozet.

Foar Winsum komme Johan van der Meulen, Marten Feenstra, Renze Pieter Hiemstra, Taeke Triemstra, Pier Piersma en Martijn Olijnsma yn aksje. By Easterein steane Hendrik Tolsma, Dirk Yde Tjaarda, Jelte Pieter Dijkstra, Hans Wassenaar, Hendrik Kootstra en Bauke Dijkstra yn it fjild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)