Earste winst Drachtster Boys

28 sep 2013 - 16:28
  • Drachtster Boys

Drachtster Boys hat de earste trije punten yn de haadklasse pakt troch sneon mei 1-0 te winnen fan Berkum. Op eigen fjild sette Peter Jansen Klomp de Drachtsters mei in prachtich skot al betiid op foarsprong. De ferdiging fan de Drachtsters krige it dêrnei swier, mar wist de 1-0 te behâlden.

Nei rêst gong Berkum op syk nei de lykmakker en waarden de Boys hieltyd fierder ûnder druk set. Goed ferdigenjen soarge lykwols dat de ploech fan Fred de Boer de swierbefochten earste trije punten fan it seizoen yn eigen hûs hâlde.

De ploech fan trainer Fred de Boer stiet mei 3 punten op it tolfde plak yn de sneonshaadklasse C. Nije wike nimme de Drachtsters it op tsjin de nûmer 6 ACV. De wedstriid begjint om 14.30 oere yn Assen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)