Flaeijelfeest goed besocht

28 sep 2013 - 16:23

Tûzenen besikers hawwe sneontemiddei de optocht en oare festiviteiten fan it Flaeijelfeest yn Nijhoarne besocht. It doarp stiet dizze dagen yn it ramt fan it doarps- en plattelânslibben út de tiid fan Ot en Sien en Dik Trom. Der is op it feestterrein sels in kopy fan in doarpsstrjitte út 1920 neiboud, mei in âlde dokterspraktyk, in bakkerij en in skoalle. Op it feestterrein waarden demonstraasjes jûn, bygelyks meane mei de seine en mei meanmasines achter de hynders.

It is foar de 37e kear dat it Flaeijelfeest hâlden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)