Thialf ferleget priis foar NK

De belslide yn Thialf
Thialf ferleget de prizen fan kaartsjes foar it NK reedriden fan ein oktober. Foar 7,50 euro kinne minsken al in ticket keapje. Thialf wurket dêryn gear mei 'Heerenveen 'n gouden plak'. De aksje is opset as tank foar de stipe fan de ôfrûne moanne foar Thialf en om nochris sjen te litten dat Thialf ek nei 2016 de topsportlokaasje fan Nederlân bliuwe wol.