Hylpen tenei nasjonaal erfguod

It stedsje Hylpen is sneon offisjeel nasjonaal ymmaterieel erfguod wurden. It is foar it earst dat in komplete stêd dy status kriget. Neffens direkteur Ineke Strouken fan it Nederlânsk Sintrum foar Folkskultuer en Ymmaterieel Erfguod kin de Hylper kultuer net los sjoen wurde fan de stêd.
Hylpen wol as folgjende stap op de wrâlderfguodlist fan de Unesco komme. Strouken seit dat dat noch wol eefkes duorje kin. Wol ropt se de organisaasje fan de Alvestêdetocht op om har ek op te jaan as ymmaterieel erfguod.