Eilannen: measte dranklokalen

28 sep 2013 - 11:46
  • Strân Amelân

Op de Waadeilannen binne de measte dranklokalen te finen. Dat doch bliken út sifers fan it Kennissintrum Horeka. Under dranklokalen wurde njonken kafees ek stranttinten, diskoteken en sportkantines rekkene.

Skylge hat de heechste telling, mei ien saak op 117 ynwenners. It trochsneed leit op ien gelegenheid op tûzen ynwenners. Nei Skylge folgje Skiermûntseach, It Amelân, Teksel en Zandvoort.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)