Restaurant 'Op Hatsum' ticht

27 jan 2012 - 09:47

It fiskrestaurant Op Hatsum yn Dronryp hat de doarren sletten. Yn in ferklearring litte eigener Jesse Reiman en syn frou witte dat it segmint dêr't Op Hatsum yn sit troch de resesje ekstra hurd rekke wurdt. Ek stelle se dat it feit dat se har bedriuw "Paling en Vischrestaurant" neamden yn har neidiel wurke hat. Iel is in seldsume fisk oan it wurden.

De eigeners neame it sluten fan Op Hatsum tige emosjoneel. It fiskrestaurant waard yn 1987 iepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)