Fytster oanriden by Wynjewâld
In 79-jierrige frou út Wynjewâld is freedtemiddei ferwûne rekke doe't se oanriden waard op de Merkebuorren yn har doarp. It slachtoffer fytste op de Mounleane. Op de krusing mei de Merkebuorren waard se skept troch in 33-jierrige automobilist út Wynjewâld. De frou is nei it sikehûs ta brocht.