Ferwûnen by botsing Ofslútdyk

28 sep 2013 - 11:05

By in ûngelok tusken twa auto's op de Ofslútdyk by Breesândyk binne freedtemiddei ferskate minsken ferwûne rekke. De botsing barde krekt yn de spit. Dêrtroch ûntstie in lange file rjochting Fryslân.

It ûngelok barde doe't in 30-jierrige bestjoerder út Den Haag ynried op in auto mei in húshâlding út Abbekerk (Noard-Hollân). In frou yn dy auto rekke ferwûne. De man út Den Haag moast ek nei it sikehûs ta en syn 3-jierrich berntsje ek.

Trefwurden: 
Ofslútdyk Breesândyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)