PvdA: Waadbehear by 1 partij

Steatsboskbehear of Rykswettersteat moat yn de takomst de wichtichste partij wurde foar it natoerbehear yn it hiele Waadgebiet, sa fynt de PvdA. Ien fan beide organisaasjes moat it belied bepale, de rezjy yn hannen hawwe en it gebiet as hânhavener beskermje.
Sa moat der ek ien plan komme foar it natoerbehear yn it Waadgebiet. It Ryk is einferantwurdlik en yn stee fan fiif ministearjes dy't harren no mei it Waad dwaande hâlde, moat ien ministearje dat tenei dwaan.
Dêrmei soe der in ein komme moatte oan de hjoeddeistige bestjoerlike gribus. Ien en oar stiet yn in saneamd Waadpunteplan dat freedtejûn presintearre is.