Plysje: Rêstige nacht H'fean

28 sep 2013 - 08:12

De earste nacht dat de needferoardering fan krêft wie op It Hearrenfean is goed ferrûn. Dat meldt de plysje fan It Hearrenfean op twitter. De sfear wie goed mei in rêstige kroegetocht.

Boargemaster Van der Zwan hat de needferoardering ynset om mooglik opskuor foar te kommen. Neffens de boargemaster binne der yn de ôfrûne dagen sinjalen kaam dat in hurde kearn fan fuotbalsupporters de konfrontaasje sykje wol. Njonken de needferoardering, dy't oant en mei sneintejûn jildt, is der ek ekstra kameratafersjoch yn it sintrum fan It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)