'Cambuurbrêge' ferve yn H'fean

De fuotbalwedstriid tusken Hearrenfean en Cambuur wurdt troch it CDA Hearrenfean brûkt as in moai momint om kampanje te fieren foar de riedsferkiezings fan 13 novimber. Under oanfiering fan Annemarie Scheweer, kandidaat-riedslid en keepster by Read-Swart, waard de giel-blauwe brêge oerferve yn de kleuren fan SC Hearrenfean: wyt mei blau.
De klup hie tastimming fan de gemeente foar de aksje.